Jier sel easke om gizeljen barman yn Appelskea

21 apr 2018 - 00:30

It Iepenbier Ministearje easket in jier finzenisstraf tsjin de 49-jierrige man út Appelskea dy't yn desimber ferline jier de barkeeper fan Harry's Bar yn Appelskea gizele. Dêrneist easket it IM ek noch in jier finzenisstraf ûnder betingst. De Appelskeaster hie de barman twa oeren lang gizele ûnder driging fan in pistoal.

De barman wol goed 3.000 euro oan smertejild fan de Appelskeaster. Dy hie problemen mei hoe't de húsdokter en de GGZ mei syn klachten omgienen. De problemen dy't de man hie, rjochtfeardigje lykwols net de aksje fan de man, sei de offisier fan justysje.

Yntusken sit de man neffens de psycholooch better yn syn fel, nei in behanneling yn in psychiatrysk sintrum yn Zwolle.

De rjochtbank yn Ljouwert docht op 4 april útspraak.

Trefwurden: 
gizeling Appelskea kafee
(advertinsje)