Leartrajekt Steinfort wurkers

15 jun 2012 - 14:45

De 47 wurknimmers dy't troch it fallisemint fan Steinfort Glês gjin wurk mear hawwe krije in lear/wurk trajekt oanbean. Sy moatte dan trije moanne, mei behâld fan útkearing, oan de slach yn de glêstúnbou. Sa fertsjinje sy har eigen oplieding.

De meiwurkers kinne kieze út in MBO of HBO oplieding prosesmanagement en logistiek. Jobhunting 2.0 dy't de oplieding oanbiedt tekent ek in baan-yntinsje fan seis moanne. Sy sille har ynspanne om de minsken wer oan in nije baan te helpen.

(advertinsje)