PvdA Ljouwert hat noed oer keunstgers by bern ûnder de 12

Keunstgers © Henk Bootsma
De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert hat soargen oer it brûken fan keunstgersfjilden troch jongeren ûnder de 12 jier.
De partij wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders aktyf yn oerlis mei de klups giet oer it brûken fan de keunstgersfjilden mei rubbergranulaat. Dêrby moat spesjale oandacht wêze foar de jongste jeugd, hat de gemeenteried al yn july 2017 besletten.
De PvdA hat heard dat BV Sport ferbean hat om te trainen op de keunstgersfjilden, omdat dy by yntinsyf gebrûk stikken spile wurde. Bern ûnder de 12 jier meie wol op de fjilden, as se dêrnei harren hannen waskje en ûnder de dûs stappe. De PvdA fynt dat der eksplisitere oandacht foar bern ûnder de 12 jier komme moat en freget aksje fan it kolleezje.