Wethâlder skrikt fan útkomsten

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert is der fan skrokken dat der fiif Ljouwerter wiken yn de top tritich stean fan wiken dêr't it min is foar jongeren om te wenjen. De wyk Heechterp-Skieringen stiet op nûmer ien yn de list.
Yn it ûndersyk is sjoen nei ûnder oare wat foar omstannichheden bern yn de wiken libje, lykas sosjale achterstannen, earmoede, kriminaliteit en mishanneling. Neffens wethâlder Koster wurdt der de lêste jierren hurd wurke oan it ferbetterjen fan de omstannichheden yn de wiken.