Poiesz jout 551.000 euro sponsorjild oan ferieningen

20 apr 2018 - 22:27

Supermerkketen Poiesz keart 551.000 euro sponsorjild út oan ferieningen yn de noardlike provinsjes. Swimbad De Delte fan De Gordyk hat mei 1.858 euro it measte krigen. De leden fan de ferieningen koene de hichte fan it sponsorjild beynfloedzje troch safolle mooglik Jeugdsponsormunten te sammeljen.

It wie de trettjinde kear dat Poiesz dizze Jeugdsponsoraksje hâlde. De bedraggen dy't oan de ferieningen útkeard binne, fariearje tusken de 662 en 1.858 euro. De ferieningen krigen harren jild freedtejûn by it jierlikse sportfeest yn WTC Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Poiesz Jeugd Sponsor Actie
(advertinsje)