Sealfuotbalsters Drachtster Boys mei oertsjûging nei finale

20 apr 2018 - 22:06

De froulju van Drachtster Boys hawwe harren freedtejûn mei oertsjûging pleatst foar de finale om it lânskampioenskip. FC Gelre út Wehl waard mei 5-1 ferslein.

Ferline wike wûn Drachtster Boys thús de earste wedstriid al fia strafskoppen.

Moaie ien-twa

Yn de sporthal yn Doetinchem krige FC Gelre de earste kânsen fan de wedstriid. It wie lykwols Drachtster Boys dat flak foar it skoft op foarsprong kaam. Na in moaie ien-twa mei Anita Vellema makke Jessie Prijs de 1-0. Direkt dernei wie it nochris Jessie Prijs dy't de keepster fan FC Gelre ferrifele, wêrtroch't de froulju út Drachten mei in foarsprong fan 2-0 de klaaikeamers yn giene.

Drachtster Boys rint út

De twadde helte koe FC Gelre net in gatsje fine yn de stribbige definsje fan Drachtster Boys. It wie Vellema dy't op in pass fan Prijs de wedstriid definityf yn it slot smiet: 0-3. FC Gelre sette noch wol oan en makke fia Iris Thus de 1-3.

Yn 'e slotfaze gie FC Gelre mei yn meispyljende keeper spyljen. Skoare die de thúsploech net mear en Drachtster Boys profitearre sels noch twa kear.

Pernis yn de finale

Sa pleatst it team fan Symen Abe Hoekstra him wer foar de finale. Dêryn spilet de titelferdigener op 'e nij in best-of-3-searje. De tsjinstanner is Pernis. Dyselde twa ploegen stienen foarich jier ek al tsjinoer elkoar yn de finale.

Pernis wûn yn de heale finale twa kear fan KTP Nieuw-Roden, de ploech dy't yn de reguliere kompetysje fierwei de bêste ploech wie.

De earste finalewedstriid tusken Drachtster Boys en Pernis is freed 11 maaie yn Schiedam.

(advertinsje)