Van Gerner docht mearkamp

15 jun 2012 - 14:09

Céline van Gerner sil sneon by it Nederlânsk kampioenskip turnjen yn Rotterdam in mearkamp turnje. Dat is foar it earst sûnt it WK yn Tokio. Gerner, dy't traint yn It Hearrenfean bruts yn Japan in foetwoartelbonkje. Dêrom koe se allinne de tastellen balke en brêge dwaan.

Woansdei waard bekend dat Céline van Gerner troch de KNGU oanwiisd is foar de Olympyske Spelen yn Londen. Ek yn Londen wol se op alle tastellen útkomme.

(advertinsje)