Cambuur wis fan play-offs nei winst op Helmond Sport

20 apr 2018 - 21:50

Sportklup Cambuur giet definityf nei de play-offs. De Ljouwerters wûnen freed thús mei 4-1 fan Helmond Sport en binne no wis fan in plak by de earste acht.

Foar it skoft hienen de 8.233 supporters net in hiel soad om fan te genietsjen. Pas fiif minuten foar it skoft krige Cambuur de earste serieuze kâns fan de wedstriid. Kevin van Kippersluis koe krekt net by de foarset fan Justin Mathieu.

Goed begjin twadde helte

De twadde helte wie mear om oan te sjen. Matthew Steenvoorden sette Cambuur yn de 50e minút op foarsprong. Nei in koarte corner levere Daniel Crowley de bal perfekt ôf en Steenvoorden koppe 'm tsjin de touwen.

Direkt klear wie it lykwols noch net. Erik Cummins koe earst de lykmakker fan Helmond Sport noch foarkomme, mar krekt dêrnei wie it dochs 1-1 troch in kopbal fan Robert Braber.

Wer op foarsprong

Mar Cambuur pakte fjouwer minuten letter wer de foarsprong troch in moaie goal. Crowley lei de bal op 'e holle fan Sai van Wermeskerken, dy't de bal breed lei op Mathieu. Syn kopbal betsjutte de 2-1.

Nei't ferdigener Robbert Schilder de latte rekke, wie it Kevin van Kippersluis dy't de 3-1 op it skoareboerd sette liet. Fia in Helmond Sport-spiler bedarre de bal yn 'e goal.

Cummins foarkaam de 3-2 fan Naudts en oan de oare kant makke ynfaller Ricardo Kip de skoare noch wat moaier. Mei in hurd skot fan sa'n 20 meter ôf waard it 4-1.

Wedstriid konkurrint Emmen ôflost

Cambuur stiet no sânde mei ien punt mear as konkurrint FC Emmen. Dy ploech moast freed op besite by FC Den Bosch, mar kaam úteinlik net yn aksje. De keunstgersmatte yn Den Bosch wie stikken en dêrom waard de wedstriid ôflost.

De ploech dy't sânde einiget, is yn de earste ronde fan de play-offs frij. SC Cambuur spilet takom wike sneon de útwedstriid tsjin nûmer seis Telstar. Emmen spilet dus noch tsjin Den Bosch en ek noch tsjin Jong FC Utrecht.

SC Cambuur - Helmond Sport 4-1 (0-0) 50. Matthew Steenvoorden 1-0, 58. Robert Braber 1-1, 63. Justin Mathieu 2-1, 74. Kevin van Kippersluis 3-1, 87. Ricardo Kip 4-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Matthew Steenvoorden, Robbert Steenvoorden, Sai van Wermeskerken; Mathias Schils, Daniel Crowley (80/Ricardo Kip), Daan Boerlage (59/Jurjan Mannes); Justin Mathieu, Martijn Barto, Kevin van Kippersluis (77/Issa Kallon)

(advertinsje)