Aafke Soet wint tiidrit yn etappekoers Seelân

20 apr 2018 - 21:02

Aafke Soet fan It Hearrenfean hat yn it Siuwske 's-Heerenhoek de tiidrit fan de EPZ Omloop van Borsele wûn. De hurdfytster fan WNT-Rotor ried de 20,6 kilometer yn 28 minuten en 13 sekonden. Floortje Mackaij waard twadde yn 28.19 en Natalie van Gogh pakte yn 28.59 it tredde plak. Nicole Steigenga fan Eksmoarre waard sechsde.

Sneon ride de froulju de EPZ Omloop fan Borsele.

(advertinsje)