Deade man (24) oantroffen yn sleat op It Hearrenfean

20 apr 2018 - 20:38

Foarbygongers hawwe freedtejûn it lichem fan in deade man fûn op It Hearrenfean. It lichem lei yn de Veenscheiding, in sleat oan de Trambaan.

Nei ûndersyk hat de plysje meld dat it giet om in 24-jierrige man fan It Hearrenfean. Der binne oant no ta gjin oanwizingen foar in misdriuw, mar it ûndersyk is noch net klear.

Trefwurden: 
It Hearrenfean
(advertinsje)