Saûdyske miljoene-oarder foar wettersuveringsbedriuw

21 apr 2018 - 11:55

Wettersuveringsbedriuw Econvert Water & Energy fan It Hearrenfean hat yn Saûdy-Arabië de grutste oarder yn de skiednis binnen helle. It giet om de suvering fan it wetter fan de grutste papierfabryk yn it Midden-Easten.

20 miljoen euro

De totale oarder is sa'n 20 miljoen euro wurdich, seit direkteur Ids Auke Boersma. Foar Econvert giet it om sa'n 5 miljoen euro.

Anaerobe baktearjes

Econvert suveret it wetter mei anaerobe baktearjes. Dat binne baktearjes dy't gjin soerstof nedich hawwe. Behalve skjin wetter smyt dat biogas op, dat wer brûkt wurde kin as enerzjyboarne.

De ynstallaasje dy't it bedriuw leveret oan de Saûdy's is trije kear sa grut as dy by de Suikerunie yn Hoogkerk. Oant no ta wie dat de grutste dy't oait levere is. Finansjeel is de oarder twa kear sa grut. Econvert betinkt en ûntwerpt de ynstallaasjes, mar bout se sels net. Dat wurk wurdt útbestege.

Econvert is noch in jong bedriuw. It waard yn 2012 oprjochte. By it bedriuw wurkje yntusken sa'n tritich minsken en der is plak foar mear goeie technisy, seit Boersma.

Trefwurden: 
Econvert miljoene-oarder
(advertinsje)