Poldermûne De Snip op It Heidenskip wer iepen

21 apr 2018 - 05:59

De poldermûne De Snip yn It Heidenskip is nei in renovaasje op 'e nij iepene. It is ûnbekend hoe âld oft de mûne krekt is, mar men giet derfan út dat er yn de achttjinde iuw boud is. De lêste kear dat de mûne renovearre wie, is alwer 44 jier lyn. Yn 1974 waard der nij libben yn blaasd, nei't it jierrenlang fertutearze wie. De wjukken sieten der doe net mear oan en it poldergemaal wurke elektrysk. No hat de mûne op 'e nij in reiden dak krigen, ferskate balken binne ferfongen en de mûne hat in nije fervelaach krigen.

De mûne wie fan 1925 oant 1974 yn besit fan de famylje Gaastra, dy't it dêrnei ferkocht oan de Molenstichting Súdwest-Fryslân foar ien symboalyske gûne. De stichting hat der ek no foar soarge dat de mûne in renovaasje krigen hat.

(advertinsje)