Provinsjale dyk N358 troch Ie is iepen

20 apr 2018 - 19:27

Sûnt lange tiid wer mear as 100 bern op de doarpsskoalle, in soad hûzen ferkocht oan nije, jonge ynwenners, in bedriuwsterrein dat útwreide is en folop plak jout oan ûndernimmers. Koartsein: it brûst yn it doarp Ie yn it noardeasten fan Fryslân.

Freed waard yn Ie boppedat de nije provinsjale dyk N358 iepene. De buorfamkes Jelka en Jasmijn út Ie fytsten de dyk iepen mei help fan in echte bobo mei ûnderfining op dat mêd: deputearre Sietske Poepjes.

Sels ferantwurdlik wêze

Njonken alle feestlikheden die Poepjes dochs ek in berop op de pleatslike befolking: "In provinsjale dyk troch in doarp is net ideaal fansels, en der kin noch altyd te hurd riden wurden. It binne de brûkers fan de dyk út de eigen regio dy't dêr sels as earste ferantwurdlikheid yn nimme moatte."

Trefwurden: 
Ie N358
(advertinsje)