Afgaanske famylje bliuwt foarearst yn azc yn Zeist

20 apr 2018 - 18:33

De Afgaanske famylje út it asylsikerssintrum yn Burgum krijt foarearst in plakje yn it azc yn Zeist.

"Beter om naar het noorden te gaan"

Dûmny Marco Buitenhuis út Noardburgum en oare minsken dy't harren foar de húshâdling ynsette, hiene hope dat de famylje weromkomme soe nei Burgum. "Voor het gezin was het beter geweest om weer richting het noorden te gaan, om bij te komen van deze week", seit dûmny Buitenhuis, dy't net bliid is dat de famylje yn Zeist bliuwe moat.

Humanitêre redenen

De Afgaanske húshâlding krige freed te hearren dat se net útsetten wurde, mar yn Nederlân bliuwe meie. Steatssekretaris Harbers fan Justysje en Feiligens makke doe bekend dat er de kristlike famylje om humanitêre redenen dochs tastimming jout om yn ús lân te bliuwen.

De heit, mem en trije bern wiene al nei it detinsjesintrum yn Zeist brocht yn ôfwachting fan útsetting nei Afganistan. De Immigratie -en Naturalisatiedienst sil úteinlik in nij wenplak foar de famylje oanwize.

Trefwurden: 
Afganistan Burgum AZC Burgum
(advertinsje)