Keningsspelen om jild op te heljen

20 apr 2018 - 18:43

Basisskoalbern bewege minder goed as 10 jier ferlyn. De Underwiisynspeksje seit dat nei oanlieding fan de resultaten fan in stekproef út 2016. Bern binne minder fluch en fine it bygelyks dreech om oan in tou te slingerjen. Undersikers stelle dat bewege goed is foar de fitheid en de motoaryske ûntwikkeling fan bern. De Willem Alexander-skoalle yn Ljouwert wol graach sporten stimulearje en docht ek dêrom dit jier wer mei oan de Koningssportdag. Kening Willem-Alexander fynt dat bern genôch bewege moatte en is dêrom mei de Koningsspelen begûn. Eltse skoalle kin sels betinke hoe't se de sportdei ynfolje wolle. De Willem Alexander-skoalle organisearret ûnder oare in sponsorloop en in apekoai.

Oare gymmaterialen

CIOS-stazjêre Daphne Waterlander jout gymnastyklessen op de skoalle en is freed by de apekoai belutsen. Dat der ferskillen binne tusken hoe goed bern bewege kinne, sjocht ek Daphne. "Je ziet wel dat kinderen die echt helemaal niet bezig zijn met sport, er een beetje buiten vallen bij bal- en teamsporten. En bij een tikspel zijn ze snel buiten adem of kunnen niet goed koprollen." Om foaral it bûten sporten te stimulearjen, sadat bern dat ek thús dwaan kinne, brûkt de skoalle ek oare gymmaterialen, lykas skeelers.

Bern yn Bolivia helpe

De bern op de Willem Alexander-skoalle hellen freed troch te bewegen ek noch jild op. Hendrik Jaarsma is ien fan de organisatoaren fan de sponsorloop. Mei oare jongeren fan de Fonteintsjerke ha se besletten om yn de simmerfakânsje bern yn Bolivia te helpen om nei skoalle ta te kinnen. En dêr is in soad jild foar nedich. De sponsorloop op de Willem Alexander-skoalle is de lêste fan de fiif, wêrtroch't se der no wol wis fan binne dat se de reis nei Bolivia meitsje kinne.

(advertinsje)