Auto fljocht mei mem en berntsje oer de kop by A6

20 apr 2018 - 17:55

Op de A6 by Sint-Nyk is freedtemiddei in auto oer de kop flein. De auto mei in mem en har berntsje bedarre in pear meter neist de dyk. Flak foar it wetter kaam de auto ta stilstân. De twa ynsittenden binne net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
ûngelok Sint-Nyk
(advertinsje)