Twa kear tegeltsjes stellen fan Alvestêdebrêge
Foar de twadde kear yn koarte tiid binne der tegeltsjes stellen fan de Alvestêdebrêge oan de Canterlandseweg by Gytsjerk. Dat meldt de plysje.
Freedtemoarn hat de plysje in melding krigen dat der twa donkerblauwe tegeltsjes fuort wiene. De plysje hopet no dat der minsken binne dy't wat sjoen hawwe.
De Alvestêdebrege waard yn 2001 iepene. De brêge is beplakt mei tûzenen tegeltsjes mei portretten fan minsken dy't meidien hawwe oan de Alvestêdetocht. Dêrby is ek de foto fan kening Willem-Alexander.