Ljouwerter flybket befeiliger yn it gesicht en wurdt oppakt

© ANP
De plysje hat freed in 59-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden oan it Hoeksterend yn syn wenplak. De man hie oan de ein fan de moarn in befeiliger fan in winkel bedrige, útskolden en yn syn gesicht flybke. Ek in plysjeman op de fyts krige skelwurden nei syn holle. Ek besocht de man op him te flybkjen. De Ljouwerter fersette him by de oanhâlding. It die bliken dat er ûnder ynfloed fan drank wie. Njonken in winkelferbod is er meinommen nei it plysjeburo.