Earbetoan oan Cees Bijlstra: Taal op it spoar

20 apr 2018 - 17:07

Dizze wiken wurdt drok repetearre foar in stik oer Cees Bijlstra. En dêrmei giet in lange winsk fan Leny en Leo Dijkstra yn ferfolling.

Se misse him noch altyd: Cees Bijlstra, de komponist fan filmmuzyk, muzyk foar teäter mar ek programmamakker by Omrop Fryslân. Leny en Leo Dijkstra wiene maten fan Cees. 14 jier lyn ferstoar Cees Bijlstra hommels. Al dy jierren tochten se oan in earbetoan en no is it der.

Taal op it spoar spilet him ôf yn de trein ferneamd nei Cees. Leny Dijkstra spilet it mei Hiske Oosterwijk. Taal op it spoar wurdt fan 12 maaie ôf yn ferskate plakken oan it spoar spile. Mear ynformaasje is te finen op Taalopitspoar.frl.

(advertinsje)