Haga op nûmer 8 ChristenUnie

15 jun 2012 - 12:25

Anja Haga út Ljouwert stiet op nûmer acht fan de kandidatelist fan de ChristenUnie foar de twadde keamerferkiezings. Haga is sûnt ien jier fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn de Fryske provinsjale steaten. Sy hat net sels sollisiteare nei de lanlike polityk, mar is troch de partij frege.

De ChristenUnie hat op dit stuit 5 sitten yn de twadde keamer. Op 30 juny moat de kandidatelist definityf troch de leden fan de ChristenUnie fêst steld wurde. De twadde keamerferkiezings binne op 12 septimber.

(advertinsje)