Ekstra treinen en bussen nei Grins ta om besite kening

20 apr 2018 - 16:44

Bus- en treinbedriuw Arriva set nije wike freed mei Keningsdei ekstra treinen en bussen yn nei Grins ta. Grins krijt dit jier besite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. Dêrtroch wurdt der in protte ekstra drokte ferwachte.

Langere treinen

Bygelyks tusken Ljouwert en Grins wurdt dêrom moarns tusken 9 en 11 oere mei langere treinen riden. Jûns nei tsienen binne der ekstra lange treinen en noch wat letter op de jûn ride der ekstra treinen.

Mear bussen

Reizgers út De Lemmer, De Jouwer en It Hearrenfean kinne op Keningsdei ien kear yn de oere ride mei line 315. Ek line 324 rydt ien kear yn de oere en tusken Drachten en Grins ride ekstra bussen op line 304.

Yn Fryslân ride de bussen fierder neffens de tsjinstregeling fan in snein.

Trefwurden: 
Arriva Keningsdei
(advertinsje)