Drugsdealer oanhâlden

15 jun 2012 - 12:08

Op de Weaze yn Ljouwert is tongersdei in man fan 29 oanhâlden foar de hannel yn drugs. De plysje hâlde de man yn 'e gaten en seach dat er oan it dealen wie. Hy hie 10 boltsjes harddrugs by him.

De ferdôvjende middels binne yn beslach nommen. Nei't er heard wie krige de man in proses ferbaal en koe er wer gean.

(advertinsje)