Auto bedarret oant dak ta yn it wetter yn Drachten

20 apr 2018 - 15:57

Oan it Moleneind yn Drachten is freedtemiddei in auto út it wetter takele. Dy wie om healwei trijen hinne yn it wetter rôle. Nei alle gedachten stie de auto net yn de fersnelling en net op de hânrem. Der sieten gjin minsken yn. De sulvergrize auto bedarre oant it dak ta yn it wetter. In bergingsbedriuw hat de auto der úthelle.

Trefwurden: 
auto te wetter Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)