Kanorûte De Rottige Meente folslein fernijd

20 apr 2018 - 15:54

De kanorûte troch it natuergebiet De Rottige Meente yn Weststellingwerf is folslein fernijd. Der binne nije stegers, nije ynfopanielen, en nije paadwizers op it wetter. It natuergebiet is allinnich foar "stil" toerisme geskikt.

De rûte wie behoarlik fertutearze, mar mei troch stipe fan de gemeente is it wer moai farren troch it gebiet. Freedtemiddei is de rûte feestlik iepene. Troch de ferbettere kanorûte hopet de gemeente en hoopje de rekreaasjeûndernimmers op mear toerisme en dus ek in ekonomyske stimulâns foar it gebiet by Scherpenzeel.

(advertinsje)