Feroarsaker minykraan-ûngelok hie maatregels nimme moatten

20 apr 2018 - 15:41

De 76-jierrige ynwenner fan Wynjewâld dy't as bestjoerder fan in minykraan in deadlik ûngelok feroarsake hat, hie neffens de rjochtbank yn Ljouwert maatregels nimme moatten om dat ûngelok foar te kommen.

De man stie op 1 septimber 2016 mei de minykraan yn de berm fan de Kompanjonsfeart om sân fuort te skeppen. Doe't er dêr mei dwaande wie, kaam de earm fan de kraan oer de dyk hinne. In bestelbus fan de gemeente Opsterlân knalde dêr tsjinoan. De bestjoerder fan de bus, in 51-jierrige man út Hoarnstersweach, kaam dêrby om it libben.

Net sichtber

De rjochtbank stelt dat de minykraan hast net sichtber wie. Ek hie de feroarsaker fan it ûngelok gjin sicht op de dyk, omdat syn kraan tusken twa beammen stie. De man hie in stik dyk ôfsette moatten of in ferkearsregeler op de dyk delsette moatten, aldus de rjochtbank.

Wurkstraf

De man krige in wurkstraf fan 150 oeren. Dat wie ek de eask. De rjochtbank hâlde rekken mei syn leeftyd en blanko-strafblêd. Ek hat er bot spyt fan syn hanneljen.

(advertinsje)