Kyteman iepenet nije Saailân

15 jun 2012 - 12:04

It fernijde Saailân yn Ljouwert wurdt ein septimber iepene mei in festival. Fan 27 oant en mei 29 septimber wurde op en om it folslein nij ynrjochte Wilhelminaplein tal fan kulturele- en sportive aktiviteiten organisearre.

Op in grut poadium foar it gerjochtshôf sille ferskate bands en DJ's optrede. De offisjele iepening is op sneon 29 septimber en wurdt fersoarge troch it 53 man sterke Kyteman Orchestra. De organisaasje ferwachtet tsientûzenen besikers nei Ljouwert te lûken. It iepeningsfestival kostet goed 250.000 euro.

Op freed 28 septimber stiet de programmearring yn it teken fan Liet International. Ta gelegenheid fan it tsien-jierrich bestean fan it sjongfestival foar minderheidstalen wurde guon fan de bêste âld-dielnimmers en -winners nei Ljouwert helle foar in langer optreden. Nammen en mear bysûnderheden wurde letter bekend makke.

(advertinsje)