Spoeddebat oer krisis by kolleezjefoarming Tytsjerksteradiel

20 apr 2018 - 15:12

Fjouwer politike partijen út de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hawwe freedtemoarn in spoeddebat oanfrege. It giet om GrienLinks, VVD, PvdA en D66. Sy sprekke fan in krisis by de foarming fan in nij kolleezje. It spoeddebat sil holden wurde op tongersdeitejûn 26 april.

Net lykweardich

De fjouwer partijen fine dat it proses oant no ta net lykweardich west hat foar alle partijen. De fjouwer partijen wolle net ôfsûnderlik fierder prate mei de trije partijen dy't no in nij kolleezje foarmje wolle. Dat binne CDA, FNP en ChristenUnie. Dy partijen hawwe nije wike nammentlik fjouwer petearen pland op Stania State yn Oentsjerk.

De oanfregers fan it spoeddebat fine dat sokke petearen iepenbier en riedsbreed fierd wurde moatte. CDA, FNP en ChristenUnie ha yntusken al skriftlik meidield dat sy it ynformaasjeproses net weriepenje wolle. De petearen op Stania State soene fral bedoeld wêze om foarút te sjen.

De ûnfrede oer de ynformaasje is ûntstien nei de publikaasje fan it einferslach fan ynformateur Gjalt Benedictus. GrienLinks, VVD, PvdA en D66 fine dat der fan it begjin ôf te folle keazen is foar ien opsje en dat alternativen net ûndersocht binne.

Trefwurden: 
Tytsjerksteradiel
(advertinsje)