Ynsprekkers besunigings SWF

15 jun 2012 - 11:54

Alve minsken hawwe de ôfrûne wike gebrûk makke fan de mooglikheid om yn te sprekken op de 66 besunigingsplannen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De ôfrûne wike koene boargers by trije kommisjegearkomsten meiprate oer de plannen om mei-inoar tolve miljoen euro te besunigjen.

Ferskate kulturele organisaasjes makken hjirby beswier tsjin de plannen om subsydzjes te koartsjen of te skrassen. Mooglik wurde oan de hân hjirfan plannen oanpast. Besunigings wurde net skrast.

(advertinsje)