"Wy fergiftigje ús bern!"

20 apr 2018 - 14:13

"Wy witte dat sûker krekt sa ferslaavjend is as kokaïne en dochs fergiftigje wy ús bern der mei! Litte se dy sûkerbelesting hjir ek mar gau ynfiere." It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de suksesfolle sûkertaks dy't yn Ingelân ynfierd is foar frisdrinken mei in soad sûker.

Wy krije yn Nederlân gemiddeld sa'n 37 kilo sûker yn it jier binnen. En dat jout in soad sûnensrisiko's. "Lytse bern wurde yn de supermerk triggere troch kleurige ferpakkings fan drankjes dy't stiiffol sûker sitte. Dêr kin hast net omhinne. De frisdranklobby is sterker as de oerheid!" 

Oaren wiene wat foarsichtiger: "Wat komt der foar yn plak? Miskien bin dy sûkerferfangers noch wol folle minder!" Kraanwetter blykt in populêr alternatyf: "Ik sit in soad oan de kraan, want dêr sit in soad yn no?"

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert
(advertinsje)