Koatstertille besiket biofergister dochs noch te kearen

20 apr 2018 - 13:34

Koatstertille besiket de komst fan in biofergister op de Westkern 6 by de Raad van State dochs noch te kearen. Dat seit foarsitter Lys Visser fan doarpsbelang. Sy seit dat der mooglik in foarmflater makke is. Doarpsbelang lit dat no útsykje troch in advokaat. Tongersdeitejûn stimde de gemeenteried tsjin it plan foar in biofergister op in alternative lokaasje, op Westkern 10. Dêrmei is alles wer by it âlde.

De biofergister op de Westkern 6 past binnen it bestimmingsplan en de gemeente Achtkarspelen seit dat de komst dêrom no net mear te kearen is. Mar foar doarpsbelang is dat ûnakseptabel. Yn de biofergister wurdt ûnder oare dong omset nei biogas. Dat soe eksploazjegefaar opleverje kinne, seit Lys Visser. Sy seit dat de biofergister te ticht by it doarp komt. Fierder smyt de komst fan de fergister in protte ekstra frachtferkear op, dat allegear oer deselde rotonde yn de provinsjale dyk moat dêr't ek de ynwenners lâns moatte.

Earder is der in hantekenaksje hâlden yn it doarp. Visser wiist der op dat in grutte mearderheid fan de húshâldens him doe tsjin de komst fan de biofergister kearde.

(advertinsje)