Plysje hat hannen fol oan dronken frou

20 apr 2018 - 13:28

De plysje yn Ljouwert hie tongersdeitejûn de hannen fol oan in dronken frou fan 24 jier út de Fryske haadstêd. Nei't de frou al in proses-ferbaal krigen hie om't se dronken yn de Prinsetún siet, rûn se letter razend oer strjitte. Om't se net rêstich te krijen wie, is de frou oanhâlden. Se is mei in twadde proses-ferbaal nei hûs brocht. Sjoen de tastân fan de frou, is har mem warskôge.

Trefwurden: 
dronken Ljouwert
(advertinsje)