LIVE: Gouden Spiker Festival

© Gouden Spiker Festival
Tolve brassbands stride op sneon 21 april yn Oerterp om de gouden spikers. By it Gouden Spiker Festival (GSF) wurde troch de brassbands seis ferskate wurken spile. It GSF is live te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

It festival foar amateurorkesten

It Gouden Spiker Festival is spesjaal yn it libben roppen om amateurorkesten, doarpskorpsen en jeugdorkesten yn de spotlights te setten. It festival wurdt organisearre foar brassbands en fanfaren dy't útkomme yn de 5e, 4e en 3e difyzje. De dielnimmers fiere dy dei ferskate wurken út, dy't troch in fakkundige sjuery beoardiele wurde.

Gouden spikers

Bêste solist, bêst ferplichte wurk en bêste totaalprogramma, dat binne de prizen, gouden spikers, dêr't om striden wurdt. It festival yn MFC De Wier yn Oerterp is fan 9.30 ôf live te folgjen by Omrop Fryslân. Mear ynformaasje, oer de dielnimmers en de wurken dy't spile wurde, is te finen op Goudenspikerfestival.nl.

Koperkanaal

By it festival wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it GSF, it fideokanaal op YouTube, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).