Fertochten kafee-ynbraak Sint-Nyk pakt yn Amsterdam

20 apr 2018 - 13:21

De plysje yn Amsterdam hat twa fertochten fan in ynbraak yn in kafee yn Sint-Nyk oanhâlden. It giet om twa Roemenen fan 27 en 29 jier. Se waarden troch in plysjeman werkend nei oanlieding fan de bylden fan de ynbraak, dy't de plysje ôfrûne tiisdei yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht sjen liet.

Yn it kafee oan de Gaastwei yn Sint-Nyk waarden ferline jier yn de nacht fan 21 op 22 novimber de gokkasten iepenbrutsen. De fertochten naaiden út mei in ûnbekend jildbedrach.

Trefwurden: 
ynbrekkerij Sint-Nyk
(advertinsje)