Afgaanske famylje út Burgum mei bliuwe

De Afgaanske húshâlding út it asylsikerssintrum yn Burgum mei dochs bliuwe. Lange tiid like it derop dat de famylje útset wurde soe. Freed makke steatssekretaris Harbers fan Justysje en Feiligens bekend dat er de kristlike famylje om humanitêre redenen dochs tastimming jout om yn Nederlân te bliuwen. De húshâlding, besteande út heit, mem en trije bern, wie al nei Zeist brocht yn ôfwachting fan de útsetting nei Afganistan. Dat giet no dus net troch.
It nijs wie foar alle partijen in grutte ferrassing, ûnder oare foar dûmny Marco Buitenhuis út Noardburgum. Hy hat de famylje de lêste tiid bot stipe. "Er zijn zoveel mensen die de afgelopen tijd hebben meegeleefd. Geweldig!", seit er.
Ofskie nimme
De famylje sit no noch yn Zeist. "Hopelijk mogen ze zo snel mogelijk daar weg", seit Buitenhius. "Dat zal ook wel snel geregeld worden. Maar het zou het allermooist zijn als ze nog naar Burgum zouden kunnen. Het asielzoekerscentrum daar is voor uitgeprocedeerde gezinnen. In die categorie vallen ze gelukkig niet meer, maar ik hoop dat ze terug mogen om hier feest te vieren en afscheid te nemen van vrienden."
De Immigratie- en Naturalisatiedienst sil in wenplak tawize foar de famylje. It kin dus sa wêze dat se net yn Fryslân komme te wenjen.