Moasje tsjin deputearre

© Omrop Fryslân
De opposysje yn de steaten tsjinne woansdei in moasje fan ôfkarring yn tsjin deputearre Jannewietske de Vries. Se soe har net hâlden ha oan de ôfspraken dy't makke binne oer de takediskusje.
Foar de ferkiezings soe praat wurde oer watfoar taken nei de provinsje geane en watfoar nei gemeenten. Dy diskusje is oer de ferkiezings hinne tild. It nije kolleezje hat de taken al yn it akkoart beskreaun sûnder dat dat mei de opposysje bepraat is.