Nij belied Hearrenfean helpt

02 nov 2011 - 15:16

SC Hearrenfean hat ferline jier it ferlies mei 12 miljoen fermindere nei sawat 2,8 miljoen euro. De direksje sprekt fan in stevich finansjeel herstel, mar jout oan dat se hoeden wurkje moatte. De fuotbalclub hie ferline jier foar it earst yn 4 jier in lytse operasjonele winst fan goed 35.000 euro.

It nije belied docht fertuten. De kosten binne mei 15 miljoen nei 25 miljoen werombrocht.It tal meiwurkers rûn werom fan 148 nei 136 meiwurkers.

(advertinsje)