Fryske tsjerken iepenje doarren foar pelgrims

20 apr 2018 - 11:54

Sliepe yn in tsjerke; it kin fan tongersdei ôf yn 11 histoaryske tsjerken yn Fryslân. Tsjerken yn Swichum, Surch, Britsum, Blessum, Boksum, Peins, Terbant, Jorwert, Foudgum, Sibrandahûs en De Lytse Jouwer iepenje harren doarren foar kuierders en fytsers dy't in lange tocht meitsje troch de provinsje. Tongersdei 26 april iepenet deputearre Michiel Schrier de earste saneamde 'refugio' yn de tsjerke fan Swichum.

In 'refugio' is in bekende term yn de wrâld fan pelgrimtochten. Benammen yn Frankryk, Spanje en Itaalje binne der in soad fan dizze skûlplakken, dêr't minsken oernachtsje kinne. It projekt is in inisjatyf fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en it projekt Santiago aan het Wad, dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd hâlden wurdt.

(advertinsje)