CDA, FNP en CU fierder mei formaasje nije koälysje T'diel

20 apr 2018 - 10:59

De fraksjes fan CDA, FNP en ChristenUnie yn de gemeente Tytsjerksteradiel sille mei elkoar fierder yn de formaasje foar in nije koälysje. Tineke Schokker, boargemaster fan Flylân en ynwenster fan Tytsjerksteradiel, is frege as formateur. De trije partijen ha der alle fertrouwen yn dat der begjin maaie in koälysje-akkoart leit en dat der dan ek in nij kolleezje is.

Yn de oanrin nei de formaasje wurde alle riedsfraksjes útnoege foar in petear, wêryn't weromsjoen wurdt op it ynformaasjeproses en de wize wêrop't partijen tenei konstruktyf gearwurkje kinne.

(advertinsje)