Trekker giet yn flammen op by Bûtenpost

20 apr 2018 - 10:33

De trekker fan in boer dy't oan it wurk wie op in stik lân oan de Voltastrjitte by Bûtenpost, is freedtemoarn hielendal útbaarnd. De trekker fleech ûnder it wurk spontaan yn brân. De bestjoerder koe himsels yn feilichheid bringe en warskôge de brânwacht. Dy koe net foarkomme dat de trekker folslein útbaarnde.

Trefwurden: 
trekker Bûtenpost
(advertinsje)