Ravaazje op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer

20 apr 2018 - 10:28

Op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer is freedtemoarn in grutte ravaazje ûntstien nei't in frachtwein mei grûn in part fan syn lading ferlern hat. De modder leit ferspraat oer de sneldyk, dy't dêrtoch sjippeglêd wurden is. Twa auto's rekken yn in slip. Ien auto gong oer de kop en kaam oan de oare kant fan de fangrail yn de middenberm telâne. Omstanners kamen de bestjoerder te help. Eefkes letter rekke in auto mei trije ynsittenden fan de dyk. Dy botste tsjin de fangrail. It is noch ûndúdlik hoefolle minsken der krekt ferwûne rekke binne.

De dyk is yn beide rjochtingen foar in part ôfsletten. Omdat de grûn út de frachtwein fier ferspraat leit, duorret it noch wol efkes foardat alles opromme is en de dyk wer frijjûn wurde kin. De plysje sil de frachtweinchauffeur hearre oer hoe't it kin dat hy syn lading ferlear.

Trefwurden: 
A6 De Lemmer De Jouwer
(advertinsje)