Kollum: "Gjin probleem"

20 apr 2018 - 06:47

"De iene persoan freget oan de oare: 'Kinsto my helpe mei in probleem?' En dan seit dy oar: 'Jawol... hoe grut moat it wurde?'

Ik moast der wol om gnize doe't ik it lies en guon minsken binne yndied kampioenen yn it sjen of meitsjen fan problemen, mar dat besykje ik no krekt net te dwaan. Ik kin it wol, mar as ik op dat punt stean, dan tink ik oan de wize wurden fan in learaar dy't ik hân ha. In goede learaar bliuwt jo by, ek al wie er net iens al te kreas. Ik kin my net mear heuge op hokker skoalle of by hokker fak, mar hy hie it oer it skieden fan problemen en dat in soad minsken dat net dogge of kinne.

Want hoe faak meitsje wy yn ús holle wol net in probleem fan eat dat hieltyd grutter wurdt, wylst der eins gjin reden foar is. Dat jo tinke dat de oar tinkt dat jo miskien wol net leuk genôch binne, wylst wy dat hielendal net witte kinne. En fansels seit jo yntuysje wol gauris de goede dingen, dochs kin it measte fan wat wy tinke wol yn it jiskefet.

Wy kinne net yn de holle fan in oar sjen, mar we meitsje ús der wol drok om. Of we litte ús meifiere troch de ellinde fan oaren omdat we it sa begrutlik fine. Mar ek dan kinst dy de fraach stelle oft it wol echt dyn probleem is. Stel, dyn omke en muoike sille skiede omdat hy frjemdgong mei de kleuterjuf. It naait der op it lêst sa út dat de hiele famylje út elkoar leit, der allegear kampen binne en it ien grut drama is. De hiele mienskip fynt der eat fan of bemuoit him der mei. En do leist der ek wekker fan omdat'st it sa slim fynst foar eltsenien.

Mar is it no echt dyn probleem? Nee. It is net leuk, mar it giet om dyn omke en muoike. En as't dy dat reallisearrest, dan wurdt it libben it stik ienfâldiger. Dat betsjut net dat jo egoïstysk of ûngefoelich binne, jo binne gewoan nuchter en realistysk. Ik ha sels ek wol fan dy mominten dat de emoasjes oan 'e haal gean kinne en as dat sa is, dan doch ik in stapke werom en stel ik mysels de fraach oft it no wol echt myn probleem is.

Neffens Deepak Chopra is in smeller bewustwêzen it nivo fan problemen, hindernissen en ferset. De antwurden binne beheind en hjir silst fustrearre bliuwe. Mei in mear ferromme bewustwêzen komme de oplossingen nei foarren en is der minder striid. Jo geane realistysk om mei negative enerzjy en sjogge net allinnich it konflikt. Op it nivo fan it suvere bewustwêzen binne der gjin problemen. Dan is eltse útdaging in kreative mooglikheid, is der gjin wjerstân en komme de oplossingen fansels.

Einstein sei ek al dat jo in probleem net oplosse kinne mei de wize fan tinken dêr't it út fuortkommen is. Mei oare wurden: om ta in oplossing te kommen, moatte jo de dingen fanút in oar perspektyf sjen. Ik tink ek leaver yn mooglikheden as yn beheiningen en ek leaver posityf as negatyf. Mar mei alles wat der hjoeddeis dield wurdt op social media en te sjen is op 'e telefyzje, is it sa út en troch bêst wol dreech om optimistysk te bliuwen.

It liket wol oft we alles witte, mar de wrâld is der net bepaald oersichtliker troch wurden. Dochs binne it net de omstannichheden dy't dyn libben bepale, mar hoe'tst dêr mei omgiest. 'Zorgen moet je doen... niet maken', seit Loesje en se hat grut gelyk."

(advertinsje)