Stik Wereldburgers oer multykulturele Foarstreek yn Ljouwert

19 apr 2018 - 23:05

De Foarstreek yn Ljouwert is in stik echte stêd yn Fryslân. It is it plak dêr't in soad ferskillende kultueren byinoar komme, krekt lykas bart op plakken yn Den Haag en bygelyks Amsterdam. Dat seit sjoernalist Kirsten van Santen fan de Ljouwerter Krante. Sy is mei Tryaterregisseur Ira Judkovskaja ien fan de betinkers fan it projekt 'Wereldburgers van de Voorstreek'. Van Santen hat mei har kollega's de ferhalen fan de bewenners en de minsken dy't oan de Foarstreek wurkje, optekene. Tryater hat dêr in foarstelling fan makke. Oer goed in wike giet de foarstelling yn premjêre.

Kirsten van Santen hopet dat minsken sa sjogge dat de multykulturele maatskippij der gewoan is. "Of die nu gelukt is of niet, hij is er gewoon. Hier loopt iedereen, van Fries tot Nigeriaan, als een smeltkroes door elkaar."

De foarstelling wurdt opfierd yn de leechsteande winkel dêr't earder Bever Sport siet. Neffens regisseur Ira Judkovskaja fan Tryater is it lokaasjeteater yn de puerste sin fan it wurd. It publyk sjocht út op strjitte. Akteurs gean sa no en dan nei bûten ta en belûke passanten by de foarstelling. De premjêre is op sneon 28 april.

(advertinsje)