Twa minsken slim ferwûne by eksploazje op boat by Terherne

19 apr 2018 - 22:54

By in eksploazje op in motorboat by Terherne binne twa minsken slim ferwûne rekke. Dat meldt de brânwacht. Beide slachtoffers binne nei sikehuzen yn Grins ta brocht. It giet om in man en in frou.

De man is yn kritike tastân nei it UMCG ferfierd, en de frou is mei slimme brânwûnen nei it Martinisikehûs brocht. Se wie troch de krêft fan de eksploazje yn it wetter telâne kaam. Omstanners ha har dêr wer út helle. 

Helpferlieners wiene tongersdeitejûn om alve oere hinne massaal oanwêzich by Terherne. Under oare twa traumahelikopters wiene oproppen om de slachtoffers te helpen.

Trefwurden: 
eksploazje Terherne
(advertinsje)
(advertinsje)