Gemeente beslút: biofergister dochs op Westkern 6

19 apr 2018 - 22:48

De biofergister by Koatstertille komt dochs op it plak dêr't de omwenners him eins net hawwe woene. Dat is op de Westkern 6. Yn en om Koatstertille wie in soad ferset tsjin dy lokaasje, mar it iennige alternatyf, in eintsje fierderop op Westkern 10, waard yn de gemeenteried unanym ôfkard.

Omdat de gemeente earder al tasein hat dat de fergister der komme mei, kin de ried der no neat mear oan feroarje.

Trefwurden: 
Koatstertille biofergister
(advertinsje)
(advertinsje)