Gariper hâldt taspraak by betinking kamp Amersfoort

Nea wer oarloch. Dat is it boadskip fan de 95-jierrige Foppe Dupon fan Garyp. Winne kin net, it jout allinnich mar slachtoffers. De measten fan harren binne faak jonge minsken dy't eins noch in folslein libben foar harren hawwe. Dupon spruts tongersdei by de betinking fan de befrijng fan Kamp Amersfoort op 19 april 1945. Hy hat sels in tal moannen yn it kamp fêstsitten. Kamp Amersfoort wurdt wol it wreedste Nederlânske kamp yn de Twadde Wrâldoarloch neamd.
Dupon hat der lange tiid net oer prate kinnen. Op oantrunen fan syn soan hat er der, doe't er 74 jier wie, in boekje oer skreaun. It skriuwen fan it boekje brocht him ek oan it praten en sûnt dy tiid giet er geregeld nei skoallen om it oer syn oarlochstiid te hawwen. Der binne dit jier noch sechstjin oerlibjenden fan it kamp by de betinking. Dupon siet mei achttjin Friezen yn kamp Westerbork. Dêrfan binne, útsein Dupon, gjin oerlibjenden mear,