Koälysje Hearrenfean hâldt stân nei ferkiezingen

19 apr 2018 - 21:07

Yn de gemeente Hearrenfean giet de koälysje fan PvdA, VVD en CDA mei-inoar troch. Dat meldt ynformateur Bert Otten. De trije partijen hawwe in krappe mearderheid fan ien sit. Der is wol oer praat om in fjirde partij oan it kolleezje ta te heakjen, mar de koälysjeleden koene it der net oer iens wurde hokker partij oft dat dan wurde moast.

No noch binne der fjouwer wethâlders yn Hearrenfean, mar dat wurde der trije. Neffens de ynformateur kin dat wol, salang't der goede ôfspraken makke wurde.

De koälysjepartijen sille no mei-inoar om tafel om in akkoart op haadlinen te sluten. De ried sil yn dy tiid in saneamd riedsakkoart slute. Dat is in akkoart dêr't alle partijen, dus ek de opposysje, mei-inoar yn ôfprate hokker ûnderwerpen oft de kommende tiid belangryk binne.

By de ferkiezingen yn maart hat de PvdA twa sitten ferlern, wylst de VVD en it CDA der beide ien sit by krige hawwe. Neffens Otten blykt dêr net út dat de ynwenners fan Hearrenfean it ûniens wienen mei it koälysjebelied. Dêrom kinne de trije partijen mei-inoar fierder.

(advertinsje)