Fytser komt yn botsing mei boattrailer yn Drachten

19 apr 2018 - 20:56

Yn Drachten is tongersdei oan de ein fan de middei in fytser ferwûne rekke by in oanriding mei in boattrailer. It liket derop dat de trailer fan de trekheak fan in auto lossketten is, foardat de fytser dêrmei yn botsing kaam.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
boattrailer Drachten fytser
(advertinsje)