Ekstra taallessen foar bern mei ferbliuwsstatus Hearrenfean

19 apr 2018 - 20:47

Bern fan asylsikers mei in ferbliuwsstatus kinne op It Hearrenfean tenei fjouwer dagen yn de wike nei in spesjale basisskoalle dêr't se ekstra taallessen krije. Ien dei yn de wike bliuwe se op de eigen skoalle, om sa de bining mei de eigen klasse te hâlden.

"We zagen dat deze kinderen door een taalachterstand onvoldoende mee kunnen komen in de gewone klas," seit wethâlder Hans Broekhuizen, "en als je de taal nog niet machtig bent, zorgt dat voor problemen voor alle vakken op school. Daarom hebben we besloten de kinderen samen te brengen in een eigen groep, zodat er meer focus op de taal gelegd kan worden."

Fan 14 maaie ôf begjinne twa nije groepen op iepenbiere basisskoalle De Optimist op It Hearrenfean. Bern fan oare skoallen binne ek wolkom yn de skeakelklasse.

Trefwurden: 
taalles ferbliuwsstatus
(advertinsje)