Powerkolleezje: Waadgebiet beskermje of útmelke?

19 apr 2018 - 20:04

It is it ferneamdste gebiet fan hiel Fryslân. Alle jierren lûkt it tûzenen besikers en it stiet sels op de Wrâlderfgoedlist: It Waadgebiet mei al syn ferskate kanten fertsjinnet mear omtinken, Dêrom jouwe wy alle moannen in powerkolleezje. Hjoed it ivige dilemma. Beskermje tsjin toeristen of krekt finansjeel útmelke? Direkteur fan de Waadakademy Jouke van Dijk lit dêr syn ljocht oer skine.

Lânbou en toerisme

"As jo bylden fan it Waadgebiet sjogge, dan binne dat faak moaie natuergebieten, mei fûgels, it Waad sels en moaie loften. Mar gjin minsken. Yn it gebiet wenje in protte minsken dy't allegearre graach wurk en in ynkommen hawwe wolle. Hoe moatte wy dat regelje? Dat kin troch fabriken te bouwen, wat ek hjir en dêr bart. Sjoch mar nei Delfsyl. En der is ek sâlt- en gaswinning. Mar dêr sitte risiko's oan foar it Wrâlderfgoed, dêr't jo oan de oare kant ek fan profitearje kinne. Jo moatte aktiviteiten sykje dy't passe by de minsken en by it gebiet. Dan komst út by toerisme en lânbou." 

Unyk gebiet

Yn it ferline wiene der plannen om dammen oan te lizzen nei de Waadeilannen. Doel wie om sa mear lânbougrûn te krijen en de eilannen better tagonklik te meitsjen foar toeristen. Mar it is net trochgien, want dan giet it unike fan de Waadeilannen ferlern, sa wie de krityk."

Toerisme op de fêstelân

"Der moat wol wat barre, want de jonge minsken ferhúzje nei oare plakken en it gebiet rint leech. Dan biedt it toerisme echt kânsen. Der hat in ûndersyk west nei wat de minsken oantreklike gebieten yn it Waadgebiet fûnen. Minsken koene op ynternet stipkes op in kaart sette yn it Nederlânske, Dútske en Deenske Waadgebiet. Yn it Nederlânske diel stean benammen stippen op de eilannen. Oan de Dútske kant stean ek in soad stippen op de fêstelân. As jo toeristen nei de Fryske Waadkust lokje wolle, dan moatte jo der wol wat oan dwaan.  Dêr binne inisjativen foar naam, bygelyks Holwert oan See."

Sâlte ierappels

"As jo dat goed dogge, krije jo ek in gebiet dat mear lânbougrûn opsmyt. Foaral yn dizze tiden fan klimaatferoaring, betsjut dat dat de grûn hieltyd sâlter wurdt. Want it seewetter komt hieltyd heger te stean. Dat is in probleem foar de lânbou. Dêr kinne wy wat oan dwaan as wy poatierappels hawwe dy't oer sâlt kinne. As ús dat slagget, leverje wy ek in bydrage oan de wrâldwide itenskrapte. Want ierappels kinne better oer sâlte grûn as rys. Dat soe dan in prachtich eksportgebiet wurde. Wy witte hjir hoe't it moat. It wrâlderfgoed wurdt net oantaast, jo skeppe nije banen en dogge nije dingen."

Earder kamen de bewenners fan it waad oan de oarder.

(advertinsje)