Flaggen healstôk yn Koatstertille fanwege biofergister

19 apr 2018 - 20:01

Ynwenners fan Koatstertille binne lilk oer de komst fan in biofergister by it doarp. Dêrom hawwe se de flaggen healstôk te hingjen. De gemeenteried fan Achtkarspelen praat tongersdeitejûn oer it plak dêr't dy fergister komme moat. Nei protesten tsjin in earder foarstel leit der no in oar plan op tafel, wêryn't de fergister in eintsje fierderop komt te stean. Neffens de aksjefierders soe dat noch wolris folle slimmer útpakke kinne.

Ynwenners binne lilk omdat de gemeente harren net om harren miening frege hat.

(advertinsje)